Op 5 maaie is ferstoarn ús doarpsgenoat Timen Dijkstra. Hij hat hiel wat bestjutten foar de Menamer doarpsmienskip, wêr't hij fanôf 1955 diel fan út makke. Syn earste kontakt mei it Menamer ferienigingslibben wie mei it tonielselskip “De Krite” wêr't er yn ferskate stikken mei spile hat. Wat koe hij oer dy tiid prachtich fertelle. Foaral oer syn meispilers Bouke Kikstra en Eelke v/d Meulen.

Timen in Documentatie Menaam bc Medium

It meast bekend waard hij troch it redakteurskip fan Menaem yn't Ljocht dat hij 21 jier lang dyn hat.

Ek foar it korps “Constantia” hat hij wakker yn't spier west u.o. mei it opheljen fan it âld papier en dêr fûn hij wolris foto's en papieren oer Menaam tusken. Dat wie foar him de reden om yn 2002 yn Menaem yn't Ljocht te freegjen at er ek doarpsgenoaten wiene dy't mei him spul oer Menaam samlje woene. Dat hie as resultaat, dat Documentatie Menaam oprjochte waard. Hij hat him as Bilkert tige yn de skiednis fan Menaam ferdjippe. Wat koe hij dêr prachtig oer fertelle bij de doarpskuiers en de foto's dy't fertoand waarden. Tidens de doarpskuiers steane wij ek altiid efkes stil bij it byld fan “it Feintsje” op de Dyksterbuorren dat dêr op inisjatyf fan Timen yn 1971 kommen is.

 

Ek op ús iepen dagen wie hij yn syn elemint. It moetsjen fan al dy âld-doarpsgenoaten fûn er prachtich!

Wij sille him misse, mar binne bliid dat hij salang Menamer west hat, al is hij sa't yn de rou- advertinsje stie, yn syn hert toch altiid Bilkert bleaun.

Wij tinke mei respekt oan him wêrom.
Anne Baarda, Tjeerdtje Boerrigter-Huizenga en Piet Boerrigter.


Zie ook www.menaldumdorp.nl menu knop (Historie) en artikel over [Timen Dijkstra][Uitvaart]

Foto: Documentatie Menaam.


 

 

 

[dit artikel delen op]





Sorry, this website uses features that your browser doesn’t support. Upgrade to a newer version of Firefox, Chrome, Safari, or Edge and you’ll be all set.