Wat jierren ferlyn helle ik foar de muzykferieniging Constantia it ald papier op yn Orxmastate en dan kaam ik wolris wat tsjin dat nei myn miening te goed wie om fuort te smiten, benammen kranteknipsels ensafuort. dy't mei Menaam te krijen hienen.
En doe beg?n sa stadichoan it idee te rypjen om soks te sammeljen en dan wol op in wize dat if foar elk tagonklik wêze soe. Ik ha doe in oprop oan de lêzers fan Menaem Yn't Ljocht dien om wat foar myn doel geskikt wêze soe, net fuort te smiten, mar beskikber te stellen.
Sadwaande kaam ik yn kontakt mei Anne Baarda dy't moai krekt oanfielde wat myn bedoeling wie en it resultaat wie dat wy besletten om in dokumintaasjesintrum oer en foar Menaam op te setten. No r?n dat earst net sa hurd, mar aloan kaam der wat flecht op?e koai en krigen wy al in aardige samling fan foto?s, dia's, kranteknipsels, âlde programma's, boekjes ensafuort. Koartom, fan in hyl soad dingen dy't yn druk, byld en l?d tige nijsgjirrich binne.
Om alles goed op poaten te krijen, hawwe wy doe ?s ljocht opstutsen by it Bildts Dokumintaasjesintrum yn Sint-Anne en der wine se tige reewillich om ?s de nedige ynformaasje tejaan. Earst lei it materiaal by my op in pear planken, mar letter krigen wy de beskikking oer in argyfkast en dy krige plak yn?e biblioteek. Boppedat krigen wy troch in skinking ek noch wat jild om hannen, sadat de ?nkosten net mear ?t eigen b?se betelle hoege te wurden. Al mei al binne wy in hyl bulte minsken tank ferskuldige, yn it bys?nder dyjingen dy?t ?s materiaal taskikt hawwe. En it resultaat hawwe jim besjen kinnen op de tentoanstellings dy?t wy oant no ta holden ha. ?t de reaksjes die bliken dat wy op?e goeie wei binne, mar der kin altyd noch mear by