It nije jier begjinne mei moaie muzyk! Jo wurde fan herte útnoege foar in konsert fan Constantia en Strijkkwartet Amarens Sneon 20 jannewaris 2024 19:30 oere, seal iepen fanôf 19:00 oere Gymlokaal fan Menaam. € 5,- foar donateurs | € 7,50 foar oare gasten.
Amarens is in profesjoneel strykkwartet dat mei in soad entûsjasme fantasyrike konserten fersoarget. Marjan Waringa en Maaike Gerritsen op fioel, Marjan Valk op altfioel en Esther de Boer op cello ha it strykkwartet yn 2008 oprjochte. Se begeliede graach koaren en wurkje mei oan ferskate projekten. Se spylje ek eigen programma’s. En mei regelmaat wurkje se gear mei oare mucisi of ensembles. En sa wurket Amarens foar dit konsert gear mei Constantia.
Jo krije in bysûnder, moai programma te hearren mei ferskate muzykstikken dy’t tige goed passe by in nijjierskonsert.
We sjogge jo graach op sneon 20 jannewaris!
![]() |
![]() |
- Datum: Sneon 20 jannewaris 2024
- Tiid: 19:30 oere, seal iepen fanôf 19:00 oere
- Plak: Gymlokaal fan Menaam, Greatebuorren 6 te Menaam
- Tagongspriis: €5,- foar donateurs | €7,50 foar oare gasten.
Bron www.constantia.frl